hiemside

Aktiviteiten yn 2018

12 – 01 – 2019 Nijjoarsverziede mit de klucht “Engeltje” (Aigen-Haimers)
19 – 01 – 2019 Breamiel, jiergearkomste en
Sprekker Klaas Jansma (skűtsjesilen) mei ferhalen oer Fryslân
(de Fermanje, Meppel)
16 – 03 – 2019 Grutte jűn yn De Schalle
18 – 05 – 2019 Noardfryslân-Denemarkenreis fan “De Fryslannen”, oantemei 24 maaie.
lęs fierder....
02 – 11 – 2019 Hjerstjűn yn De Schalle
datum űnder foarbehâld
Aktiviteiten fan ús Grinslanner susterferiening yn Meppel, de Grunneger Club “Aigen-Haimers”. Us beider aktiviteiten binne iepenbier, mar de Fraizen binne by de Grunnegers en de Grinzers by de Friezen ekstra wolkom, net wier?
top

Noardfryslânreis

18 maaie – 24 maaie 2019

Reisferiening “De Fryslannen” organisearret fan 18 o/m 24 maaie 2019 in moaie reis nei Noard-Dútsklân en Denemarken.
Kosten € 550, dęrby ynbegrepen: bus, hotel (“Landhaus Smaga” yn Süderlügum), moarnsbrochje, waarm iten, kofje mei traktaasje, yntrees en de foaiepot. De reiskommisje hat wier in nijsgjirrich program gearstald. It sjocht der prachtich út!
Op de hinnereis nei Süderlügum op sneon 18 maaie in besite oan it rhododendronpark “Hobby” yn Westerstede.
De dagen dęrnei: in tsjerketsjinst; in besite oan it Andersenhűs (fan’e Frasche Feriin for e Ĺĺstermĺĺre) yn Klockries; de műne yn Hřjer; ite mei de Noard-Friezen; in boattocht troch it “Holländerstädtchen” Friedrichstadt; it Theodor Storm-museum yn Husum; rűnlieding op it eilân Oomram ('Amrum' foar Dútsktaligen): de Gamle Apothke yn Christiansfeld (Unesco); it Sikehűsmuseum yn Kolding.
En de woansdeitejűns feest! Dan noch: besite oan in Bismarcktoer; kofje yn de pleats “Jagdschloss” yn Friedrichstal; kuier troch Arnis (it lytste stedsje fan Dútsklân). Faaks noch oargelmuzyk fan sjofeur Doede.
Op de lęste dei, freed 24 maaie, wurdt noch in stop makke yn Heide (it grutste merkplein fan Dútsklân) en ôfskiedsmiel by de Deterner Krug yn Detern en dan is elts de jűns wer thús.
Foar it komplete programma, of mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei by frou Bonny Poelstra - Dijksma, Ysgumerwei 1a, 8764 PS Dedzjum, tel.0515 - 579133, of e-mail dbpoel@ziggo.nl.
Opjefte/ynfo foar 1 maart 2019.